Oersettings

Wenningleaze - J J Slauerhoff - oersetting Jan en Marja Schotanus

Allinne yn myn gedichten kin ik wenje,
Nea fûn ik earne oars myn ûnderdak;
Foar d' eigen hurdstee field' ik nea in swak,
In tinte waard troch de stoarm op wjukken nommen.

Allinne yn myn gedichten kin ik wenje.
Salang 't ik wit dat ik yn wyldernis,
Yn steppen, stêd en wâld dat ûnderkommen
Fine kin, deart my gjin bekommernis.

It sil lang duorje, mar de tiid sil komme
Dat fóár de nacht my d' âlde krêft ûntbrekt
En om 'e nocht om sêfte wurden bidt,
Wêrmei 't ik earder bouwe koe, en de klaai
My bergje moat en ik my delbûch nei dit
Plak dêr't myn grêf yn 't tsjuster iepenbrekt.

Reade wyn - Bram Vermeulen - oersetting Jan en Marja Schotanus

It bêd hat nachts mar heal besliept west
De helte fan myn teksten wurde wier
De helte fan myn salaris is my genôch sa, mar
Sliepe falt my no wol swier

De platen binn' no allegear fan my
Ik draai se krekt sa lûd as 't kin
De televyzje mei de doar út
Omdat ik wol sûnder kin

Wat in bestean, wat in luzelibben
't Ferrekt my neat, dan mar ferkeard
Reade wyn, reade wyn
Wy nimme fleurich yn

Ik drink my alle jûnen in beroerte
En ite ha ik wikenlang net dien
Ik pisje wer as froeger yn de waskbak
Stadich wurde al myn lekkens grien

Ik kin net wenne oan de stilte
Alhiel net skoften lang
De frijheid dy't ik my ferbylde
makket my eins bang
No wit ik pas hoe't ik har mis
't Is ûngewoan, 't moat wenne
Ik net, do net, die it ferkeard
't Is wenne oan myn eigen leven

In keuken fol mei brûkte glêzen
It rint my net wer út de klau
Kin immen my út de rotsoai rêde
Ik begjin fan foaren ôf

Se binne ek te hearren:

Wenningleaze

Reade Wyn

 

 

Foar mear ynformaasje sjoch ek op www.dattekstbureau.nl.

Fragen? Mail nei boek@audiofrysk.nl.