Parseberjocht Mentha Minnema no te hearren op mp3 Rûnom sjogge jo hieltyd mear harkboeken op de merk. Boekwinkels ha langer in spesjaal hoekje mei in pear koptelefoans, dêr't jo nei fragminten harkje kinne. Yn Amearika wiene se der al folle langer, doe noch op kassette, foar de lange autoreizen troch dat grutte lân. Ek yn Wales, faak in bytsje it foarbyld foar Fryslân, binne al jierren in protte boeken yn audiofoarm beskikber. Tsjintwurdich wurde se yn alderhanne talen op cd útbrocht, al dan net yn bekoarte foarm. It earste boek dat online komt, is in dieltsje út de noch altyd populêre Mentha Minnema-searje, ntl. Mentha Minnema en it klokkemystearje. De 22 haadstikjes binne ferdield oer 25 mp3's. It ferhaal kin ek besteld wurde op twa audio-cd's, dy't yn alle cd-spilers ôfspile wurde kinne.
|
|
|