terug

Laatste nieuws - Lêste nijs

11 febrewaris Boekenijs is út!
Tsien harkboeken fan Audiofrysk wurde presintearre yn dizze kleurrike krante fan It Fryske Boek. De Fryske boekewike barst los op 21 febrewaris mei it boekefeest yn de Harmonie yn Ljouwert. It beslút is op snein 8 maart, as fergees mei it iepenbier ferfier yn Fryslân reizge wurde kin op fertoan fan it geskink FEESTLIFT.
Fryske Boekewiken
20 jannewaris

Fokus Fryslân

Hjoed is it 4de en lêste diel fan de Fokus Fryslan rige ferskynd: Leauwen yn Fryslân.
It is mei de tekeningen fan Carla van der Heide wer in moai boekwurk wurden. De tekst is fan DAT tekstbureau.

Diel 4 Fokus Fryslân
4 desimber

Twa nije harkboeken beskikber by Audiofrysk:
Optriuwe en ôfbliuwe, fan Wieke de Haan, ynlêzen troch de skriuwster sels.
Sitebuorren, myn eigen paradys, fan Auck Peanstra. Dizze prachtige kronyk fan in bernelibben yn it wetterlân fan Grou wurdt foarlêzen troch de skriuwster en har broer Oane, dy't ek meiwurke hat oan it skriuwen fan it boek.

Optriuwe en ôfbliuweSitebuorren, myn eigen paradys
1
Oranjekoeke mei logo
Harkje en alles om je hinne ferjitte
Wethâlder Veenstra, Henk Halfman, Luisterrijk en Jan Schotanus
Ynterview OF televyzje
8 oktober
Boekemerk Drachten - Presintaasje Audiofrysk
Wethâlder Veenstra fan Smellingerlân krige De tiid stie even stil en Spikergek oerlange troch Jan Schotanus fan Audiofrysk.
Fan Henk Halfman fan Luisterrijk krige hy in downloadbon foar De mjitte en De ûnmooglike reis fan de Santa Maria.
By de berneboeken koe in cd ôfharke wurde en sommige bern giene dêr hielendal yn op. By Luisterrijk hongen twa koptelefoans oan in iPod mei de Fryske harkboeken der op. Omrop Fryslân radio en tv wiene der by en makken koarte reportaazjes.

Klik om te fergrutsjen Klik om te fergrutsjen

Klik om te fergrutsjen Klik om te fergrutsjen

11 septimber Parseberjocht nei de Fryske deiblêden en OF
Sawol de Ljouwerter as it Deiblêd hawwe tongersdei 11 sept. oandacht bestege oan Audiofrysk. Ek wie der woansdei al in fraachpetear op Omrop Fryslân radio.
It parseberjocht is hjirnjonken as pdf del te laden. Ek it artikel yn it Friesch Dagblad is werom te lêzen by Yn de media op Audiofrysk.

Parseberjocht Audiofrysk

 

29 augustus Audiofrysk te gast bij Luisterrijk, sponsor van de openluchtvoorstelling in het Amsterdamse Bos. Contacten met andere audioboekuitgevers en daarna de voorstelling Zomergasten van Maxim Gorki.
Te gast bij Luisterrijk
22 augustus

'Jorwert brekt olympysk applausrekord'
Pracht premiêre fan Jou my wjukken, oersetten en yn 'e mande mei regisseur Tjerk Kooistra bewurke troch DAT tekstbureau.

Optocht
9 juny It sânde Mentha Minnemaboek stiet online: Mentha Minnema en it wettermystearje.
De rige is kompleet.
3 maaie De teller fan de audiofrysk downloadpagina giet oer de 1000! In moaie mylpeal nei in healjier opbouwen.
harkboeken yn it Frysk
17 april Yldau Bylsma wint it sjongfestival foar middelbere skoalbern SJONG yn Frjentsjer.
Yldau wint Sjong 2008
1 april Harkspultsjes binne no op de skoalradio.
Skoalradio foar de jongste groepen fan de basisskoalle.
'Der wie ris...' is in harkspulsearje dêr't alle kearen in mearke yn ferteld wurdt. Alve mearkes binne troch DAT tekstbureau bewurke ta harkspultsjes. As begeliedend materiaal is der in nifelplaat makke foar de beukers. De mearkes dy't yn dit twadde seizoen oan bod komme binne: De wolf en de sân geitsjes; Frou Holle; Readkapke Jiskepûster; Taffeltsje dekje; Sniewytsje
Tiisdeis om 9.00 oere op OF.
Omrop Fryslân
18 maart Op audiofrysk binne no al njoggen boeken online te hearren. Bibleteken hawwe de earste cd's besteld, dat se binne strak ek te lienen. De opnames foar de lêste Mentha Minnema's binne yn gong setten. Meikoarten is dy searje dan folslein as audioboek beskikber.
harkboeken yn it Frysk
Alder nijs 2007 2007/8