terug

Laatste nieuws - Lêste nijs

Sjoch ek op Audiofrysk.nl

20 okt 2021 Sutelje yn Easterwierrum fan 16 oant 18 oere. Keapje in Frysk boek, bygelyks ien út de Sweltsjerige.
nov 2019

Sweltsje 2 In nije rige prachtige berneboeken

Sweltsjerige2

 

april 2017 Sweltsjerige
13 oktober 2015

Jappy en it sûkeladefabryk

Soms krije jo út ûnferwachte hoeke even in komplimintsje: Yn de LC fan hjoed stiet in artikel oer ûnderwizeressen, dy't as earste har foech Frysk yn Grins oan de Akademyske Pabo helle ha.

Anke Hiemstra út Kollumersweach oppert dat de niget oan it Frysk by har miskien wol kommen is troch in oersetting, dy't Marja en ik tritich jier lyn makke hawwe: Misschien begon het allemaal wel bij het boek Jappy en it sûkeladefabryk.
Anke zat in groep 6/7 en kreeg de vertaling van Sjakie en de Chocoladefabriek op haar verjaardag cadeau.
Ze vond het boek zo mooi dat ze er op school een boekpresentatie over hield.


 
7 maaie 2013

Dichteres Tryntsje van der Veer rint de alvestêdetocht en stekt literêr streksum oan.
Tiisdei 7 maaie kriget se it moarnsbrochje mei omelet by Marja fan DAT tekstbureau, op de rûte fan Ljouwert nei Sleat.

Dichtbondels fan Tryntsje van der Veer:
Binnentún, Elikser, 2009
49 haiku's oer de natoer en it libben
Fan binnen út - From within, mei cd, twatalige dichtbondel, Elikser, 2012
Ier foarjier - early spring Fan binnen út is in seleksje foarjiersgedichten, omliste mei fotowurk fan Ouke Kooistra. De teksten binne ynsprutsen en op piano en fioele omspile troch Rob du Jardin.

Ta gelegenheid fan it Literêr Sirkwy mei Tryntsje binne foar de alvestêdekuierders lieten út Kabaret te hearren. Dizze musicalsongs binne troch DAT tekstbureau yn 2005 oersetten foar it Iepenloftspul fan Jorwert. It nûmer Money is dizze wike ek op ús site te hearren.

Ek de oare oersettings foar toaniel steane even yn de skynwerpers. Om it ferskaat fan lieten en teksten oan te jaan, nimme wy hjir twa teksten op: it gedicht Wenningleaze (Allinne yn myn gedichten...) fan Jan Jacob Slauerhoff (Slauerhoff en Jorwert, 1998) en Reade wyn, oarspronklik fan Bram Vermeulen, út Bohemia, 2011.

Tryntsje van der Veer

 

 

 

 

 

 

 

Twadde dichtbondel fan Tryntsje van der Veer

 

 

14 augustus

De Skriuwerskalinder foar 2013 is der! 3000 is dit jier de oplage, se binne by Tresoar ôflevere.

It inisjatyf fan Skriuwersboun is yn de mande mei Tresoar oan no ta prima slagge. Hopelik fynt er syn paad nei de lju ta en wurdt er it hiele jier brûkt.

De nije skriuwerskalinder 2013
1 july

Alve-entritich Finsters op de skiednis fan Fryslân, diel 2 is ek klear. It sjocht der op 'en nij prachtich út.

By it hânboek fan dizze metoade foar skiednis foar it havo/vwo heart ek in wurkboek mei opdrachten.

 

Diel twa fan Alve-en-tritich
28 maart 2012

Alve-en-tritich Finsters op de skiednis fan Fryslân diel 1 is ferskynd:

Hânboek en wurkboek sjogge der kreas út.

 
8 oktober 2011

Gouden Gurbe foar de muzyk fan Bohemia.

Hjirre in stikje út it sjueryrapport

DE EKSTRA GOUDEN GURBE

Krekt omt dizze Gurbe einliks oeral foar jûn wurde mei en de jury de gelegenheid jowt oer alle disciplines en ekstra’s út te waaierjen, wurdt der navenant altyd lang diskusjearre oer wat of wa dizze priis hawwe moatte soe. Trije nominaasjes:

De skepershûn yn Jobbegea: Fjouwer toanielferienings dy’t mei fjouwer regisseurs in spektakel delset ha, útskroeven fan opset en útfiering mei sa’n njoggentich spilers, figuranten en muzikanten. Alhielendal in iepenloftspul as sosjaalmaatskiplik barren yn in hechte mienskip. Datselde jildt trouwens ek foar Cupido yn Brantgum.

De muzyk yn Bohemia fan Jorwert. En dan ek alles wat dêr mei te meitsjen hat: De band, de koperblazers, de arrangeminten, it lûd, de suverheid, de treflike fertolking fan de lieten van Bram Vermeulen troch Wybo Smids, de moaie Fryske oersettings fan Jan Schotanus.


Sense Offenders yn Ljouwert hat sjen litten dat it iepenloftbarren him net perfoast hoecht ôf te spyljen yn de fertroude omjowing fan de fêste lokaasje. Marijn Korvers hie mei syn meistudinten fan it Friesland College syn ôfstudearprojekt situeard op in berch fan ôffalboumaterialen op in ferfrjemdzjend yndustryterrein yn Ljouwert, in plak wert sa’n projekt it bêste ta syn rjocht kaam. De jury wurdearret it lef en de originaliteit.

De saneamde Ekstra Gouden Gurbe wurdt takend oan:
Bohemia - Jorwert.

 

Gouden Gurbe foar de muzyk fan Bohemia

 

WYbo en Jorrit nimme de Gurbe yn ûntfangst
13 april

Grien Links yn de Steaten stipet plan foar Grien boekje. Dit stie yn it Friesch Dagblad:

Grien Links neffens it FD

 
8 april 2011

Te Gast oer

Grien boekje foar it Frysk

Yn de Ljouwerter Krante :

Grien boekje foar it Frysk

Moatte jo yn it Frysk Itaalje of Italië skriuwe? Is it maneuvelje of meneuvelje? It is hast net goed te dwaan, sterker noch, by diktees reitsje minsken soms slaande deilis, want de wurdboeken sprekke inoar tsjin en wat der krekt feroare is, wurdt net iepenbier makke. Heechste tiid foar dúdlikheid, dúdlikheid oer de stavering. As jo in taal skriuwe, wolle je dat ek korrekt dwaan.
Fansels moat staverjen gjin doel op himsels wurde. Taal feroaret, stavering ek.

Ôfspraken
Foar it ûnderwiis, boekprodusinten, tekstskriuwers, puzel- en dikteemakkers is it wol handich as wy mei-inoar ôfprate hoe't wy de wurden op 't heden opskriuwe.
Yn it Nederlânsk is dat fêstlein yn it Groene Boekje, Woordenlijst Nederlandse Taal, it lêst yn 2005. Dat skept helderens: de korrektor wit wat er dwaan moat, de learaar wit hoe't er it de bern leare moat en de ict'er stelt de spellchecker gear op basis fan de wurdelist.

Wêrom hawwe wy dat yn it Frysk net? Sommige útjouwers hâlde de wurdboeken fan Zantema oan, mar dêr steane party wurden yn, dy't yn de edysje Ned-Frysk oars stavere wurde as yn de Frysk-Ned. No hat de Fryske Akademy in nij hânwurdboek Frysk-Frysk útbrocht, dat beskate saken wer oars docht as de eardere wurdboeken. Mar wát krekt, dat is net dúdlik, want in list mei oanpassings is der net. In pear foarbyldsjes: hjoed de dei moat neffens it nijste hânwurdboek hjoed-de-dei wêze, mar kwea-ôf is no kwea ôf, ynstee fan, yn stee fan en plan-út, planút...

De praktyk
Om't wy in soad korreksje dogge, komt it geregeld foar dat wy de FA belje oer hoe't in wurd stavere wurde moat. Soms krije je daliks antwurd, it kin ek wêze dat de mieningen ferskille en der in skoft oerlein wurdt. Se steane je freonlik te wurd, mar it wurket net.
Ek foar it ûnderwiis is der te min dúdlikheid. Wat leare de bern? Ien foarbyld is it fenomeen fan útspraaktekens (kapkes en streekjes) op haadletters. De nije taalmetoade StudioF skriuwt yn de groepen 4-8 konsekwint Útlis, mei in skerpteken op de kapitaal, wylst de FA dêr noch net in helder stânpunt oer ynnommen hat en útjouwers it faak net dogge. Technysk is it tsjintwurdich gjin probleem mear. Foar de bern is it yn elts gefal folle dúdliker om it ál te dwaan, en dan is it handich dat eltsenien dy't de offisjele stavering brûke wol, dat op deselde manier docht.

Staveringshifker
Heech tiid dus foar in ôfsprakelist: in list fan wurden, mei meartalsfoarmen, ôfliedingen (ôfliedings?), tiidwurden mei de ferbûgingsfoarmen, nammen dy't ynboargere binne.
Alve jier lyn hat de AFUK oan de FA frege om sa'n list gear te stallen. It is der net fan kommen en dat is spitich.
Dus, wa nimt it foartou? Rjochtet de AFUK in kommisje op dy't ynkoarten mei in list komt? Makket de FA immen frij om dat op te pakken?
Der is grut ferlet fan, safolle is wol dúdlik, want as dy list klear is, kin de staveringshifker by de tiid brocht wurde. Dy hat no tefolle ûndúdlikheden/fouten om optimaal te wurkjen. En op hokker list basearret de AFUK de nije app foar de smartphone?
Wy kinne net langer wachtsje; nimme wy it Frysk serieus, dan soargje wy foar in goed opboude wurdelist, dy't foar eltsenien maklik te brûken is.

Jan Schotanus, DAT tekstbureau

 

 

 
  Sjoch foar mear nijs ek by Audiofrysk.  
11 augustus

No yn de boekwinkels: Fûgelfrij yn de canyon, it 4e diel yn de Traveliers-rige, skreaun troch Jan Schotanus.
Hidde hat syn freon Jelle mei frege op de reis fan de Traveliers nei Amearika.
Heit Marten moat nei in kongres yn Flagstaff yn Arizona en dat jout de famylje de gelegenheid om de wrâldwûnders fan de Amerikaanske natuer, en benammen de Grand Canyon, te ferkennen.
As de jonges yn de kunde komme mei Davon, in heal-yndiaan, dy't as frijwilliger oan in paad yn de canyon wurket, wurde se meilutsen yn in nijsgjirrich aventoer. De yndiaanske kultuer mei krachtbisten en geasten - helikopters dy't de rêst yn de canyon fersteure - in kidnapping - Las Vegas... De earste wike sûnder heit fljocht om!

Ek as harkboek te krijen by www.audiofrysk.nl foar 11 euro, of 9 euro foar de download fia Luisterrijk.

Sjoch ek de spesjale website fan De Traveliers.

Fûgelfrij yn de Canyon
9 juny 2010

Bongelboekpriis foar De Traveliers

Fan 'e middei is op c.s.g. Liudger yn Burgum de Bongelboekepriis fan de NHL foar Fryske jeugdliteratuer útrikt. De priis wie troch de studinten Frysk takend oan de skriuwers fan de nije rige "De Traveliers", útjûn troch de Afûk. De trije skriuwers, Anny de Jong, Auck Peanstra en Jan Schotanus, ... lês mear>>>

Les it artikel yn Aktyf.

De Bongelboekepriis 2010
4 juny 2010

Bor en de boef wint de Berneboekesjuerypriis 2010

Yn in stampfolle De Skâns yn De Gordyk is op freedtemiddei 4 juny de útslach fan de Berneboekesjuery 2010 bekend makke.
De earste fjouwer dieltsjes fan de searje lêsboeken by Studio F wiene lêzen troch mear as 500 bern en de measten fan har wiene ek nei De Gordyk kommen.
Fiif skoallen joegen in presintaasje oer in boek, de skriuwers liezen in stikje foar, Eabele en Van der Baan fan Studio F soargen dat it net yn de bulten rûn en oan de ein waard de priis bekend makke.
De sulveren spjelde foar it moaiste boek gie nei Jan Schotanus en it boek Bor en de boef.
De oare boeken yn de race wiene: It geheim fan it taalfabryk fan Mindert Wijnstra, De fûgelklup fan Thys Wadman en De ridder fan Oei fan Lida Dykstra.

Sjoch ek de reportaazje op It Frysk Berneboek.

Foar mear foto's klik hjirre
16 feb. 2010

Nije Traveliers: In flitsend hûntsje

Yn de rige De Traveliers is it tredde diel ferskynd. Yn In flitsend hûntsje fan Anny de Jong reizget de famylje Traveliers nei Skotlân om nei de famylje ta. Sheepdogs en sheepdogtrials meitsje der in aventoerlike en ynspannende reis fan. En wat hat dy âlde freon fan heit Marten der mei út te stean?

Fan 1 april ôf ek as harkboek te keap by Audiofrysk.

De nijste Traveliers
11 feb. 2010

Lêze op de Fôlefinne
By de yntroduksje fan de Berneboekesjuery 2010 fertelt Jan Schotanus op De Fôlefinne oer de 4 boeken dy't dit jier meidogge foar de spjelde fan de Fryske Berneboekesjuery.
It giet om:
Bor en de boef - Jan Schotanus
It geheim fan it taalfabryk - Mindert Wijnstra
De ridder fan Oei - Lida Dykstra
De fûgelklup - Thys Wadman.

Foar de hiele searje sjoch hjir.

Ferfolch: Nei ôfrin krige de Fôlefinne in pakketsje boeken oanbean, dat de bern kinne mar oan it lêzen. Sukses allegearre. En oant op 4 juny op 'e Gerdyk.

Berneboekesjuery
14 jan. 2010

Prachtige Veronika's keamer yn Wytgaard

Toanielferiening Lyts Mar Krigel fan Wytgaard spilet Veronika har keamer fan Ira Levin. Ik ha dat stik yn '82 oersetten foar Tryater, dat it yn '83 yn de rezjy fan Romke Toering spile hat.
Wy wiene justerjûn ûnder de yndruk fan it spyljen en de prachtige oanklaaiïng, en benammen ek fan it stik, dat eins allinne mar aktueler wurden is yn de 30 jier nei it ûntstean. Wy hawwe Dutroux meimakke en de Eastenrykse pakes...
It is in heftich stik, net foar neat dat op it programma in warskôging stie, dat it net geskikt is foar bern ûnder de 12, en it liket in grutte opjefte foar amateurs, mar dizze fjouwer witte it publyk fan de earste minuten ôf mei te nimmen, hieltyd djipper it ûnwerklike drama yn mei te slepen. De rezjy is yn hannen fan Grietsje Kleefstra, dy't in optimaal resultaat helle hat yn Wytgaard.

Foto Arnold Hoekstra
14 oktober Earste eksimplaar De Kâlde Krústocht oanbean
Op in troch de Rotary Nijehove organisearre byienkomst yn Tresoar is woansdei it alderearste eksimplaar fan it audioboek fan De Kâlde Krústocht troch skriuwer en ynlêzer Hylke Speerstra oanbean oan Klasina Seinstra. Hy lies ek in ferkoarte ferzje fan in âlvestêdeferhaal foar.
De middei waard fierder ynfold mei in prachtich ferhaal fan Ira Judkovskaja en Siart Smit fan Tryater oer harren alvestêdetocht fan de ôfrûne winter. In fideo fan in part fan de foarstelling by Winaam brocht de alvestêde-kjeld wer eefkes hiel tichtby. Ek waard in trailer fan de nije film fan Steven de Jong, De hel van '63, fertoand.

Klik foar mear foto's fan Marc Jacobs

Hylke Speerstra en Klasina Seinstra, klik foar mear foto's

10 oktober 2009

Gouden Gurbe foar Tuskentiid!
Nei de yntocht mei de prachtige 'stoomboat' út Weidum foar De Harmonie yn Ljouwert, helle it Iepenloftspul Jorwert twa Gouden Gurbes binnen. Douwe de Bildt krige him foar de bêste byrol, it hiele ensemble wûn de Gouden Gurbe foar de bêste foarstelling.
Lês it folsleine sjueryferslach op www.lc.nl/goudengurbe

Twa Gouden Gurbes foar Jorwerter Iepenloftspul Tuskentiid
2 oktober 2009

Audioboek It Heksershol nei Molkwar

Op tongersdei 1 oktober is yn Molkwar it earste eksimplaar fan it audioboek 'It Heksershol' oanbean oan Simon en Beitske de Jong, en oan Gosse Knop himsels.
'It Heksershol', in ferhaal út de Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma, is yn syn hiele hear en fear foarlêzen troch Wouter van der Wal. It komt út by harkboek útjouwerij Audiofrysk. It folksferhaal draait om de persoan fan Gosse Knop, in Molkwarder skipperssoan, dy't syn siel oan de duvel ferkeapet en nei in protte aventoeren en skelmstikken yn hiel Fryslân raar oan syn ein komt.

No't Gosse Knop weromkommen is yn Molkwar, as haadpersoan fan de teaterfoarstelling fan SULT, joech dit in prachtige kâns om him mei syn eigen ferhaal te konfrontearjen. Ek it echtpear De Jong, twa fan de âldste ynwenners fan Molkwar, dy't noch net sa lang lyn nei Koudum ferhuze binne, wie tige fergulde mei it harkboek. Ta beslút song Alie Ludema it prachtige liet 'Bliuw by my' út de foarstelling.

Klik foar mear foto's. Alie Ludema sjongt in liet út de foarstelling
28-09-09

Parseberjocht
Op tongersdei 1 oktober wurdt it earste eksimplaar fan it audioboek 'It Heksershol' oanbean oan Gosse Knop, de haadpersoan fan de teaterfoarstelling fan SULT.
'It Heksershol', in ferhaal út de Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma, is yn syn hiele hear en fear foarlêzen troch Wouter van der Wal.

 

Foarstelling yn Molkwar
09-09-09 Audiofrysk yn Muzyk yn bedriuw op Omrop Fryslân radio.
Harkje nochris nei it petear fan Arjen Overmaat mei Jan Schotanus by Yn de media.
Omrop Fryslân
4 en 5 septimber

Freed 4 septimber is yn Stiens de lêste sutelaksje fan stifting It Fryske Boek yn de wênstige foarm fan start gien.

Harkboeken fan Audiofrysk dogge foar it earst mei yn de kroade.Yn it boekeblêd NO stiet in aardich artikel oer de audioboeken yn it Frysk.
Ekstra reklame is makke mei in reklamespot op Omrop Fryslân Radio.

Janneke Spoelstra, Anny de Jong en Jan Schotanus
28 augustus

Prachtige premiêre iepenloftspul TUSKENTIID.

Lês de resinsjes: Fedde Dijkstra yn de LC en Rianne Kramer yn it FD.

Sjoch de trailer en de útstjoering op GPtv.

Wybo as Eddy
18 augustus

Ynterview op radio Middelsee oer De Traveliers

Op tiisdei 18 augustus wiene de trije auteurs fan de berneboekesearje De Traveliers te gast by Hette van der Wal foar Middelsee Actief op radio Middelsee yn Stiens.
Harkje nei de beide fragminten by Yn de Media.

Harkje nochris nei it petear op Radio Middelsee
15 augustus Audiofrysk kriget op 'en nij subsydzje
Ek foar it jier 2009-'10 hat de provinsje Fryslân subsydzje tasein foar de aktiviteiten fan Audiofrysk. Dit jier is dy njonken it produsearjen fan nije harkboeken ek rjochte op promoasje fan it harkboek yn it Frysk en it ferbreedzjen fan it draachflak foar dit medium. Sa is yn de betingsten de gearwurking mei û.o. Edufrysk en de bibleteken neamd.
 
4 july

Koarting by Luisterrijk

Om it 3-jierrich bestean te fieren jout www.luisterrijk.nl oant 12 july 13 % koarting op de priis fan online harkboeken. Dy 13% is it ferskil yn btw tusken harkboeken (19) en papieren boeken (6).

Luisterrijk 3 jier
19 juny

Freed - Ljouwerter Krante

Yn de Freedbylage stiet in aardich artikel fan Sietse de Vries oer it útjaan fan harkboeken troch Audiofrysk.

Op kantoar
16 juny Harkboekekwis
Op Audiofrysk wurdt yn de 'Week van het Luisterboek' in audiokwis presintearre.
Ried út hokker boek it fragmint komt en meitsje kâns op ien fan de audioboeken (maks. 5 cd's) út it fûns.
Woansdei 17 juny stiet it earste fragmint op de site.
 
4 juny

Presintaasje fan Skúnpútsersgúd fan Anne Feddema by it HCL yn Ljouwert.

It boek, dat troch Bornmeer útjûn wurdt, befettet 40 ferhaaltsjes yn it Leewarders. Op de beide cd's fan it harkboek dat troch Audiofrysk makke is, wurde 20 foarlêzen troch de skriuwer.

20 prachtige ferhalen fan Anne Feddema
24 maaie

Yninoar sette fan 511 harkboeken

Foar de aksje fan Fryske Akademy, AFUK en Audiofrysk om alle skoallen in presintsje te jaan, moasten mear as 500 harkboeken fan De Traveliers - It goud fan de Aboriginals produsearre wurde. De skriuwers makken der in gesellige snein fan by DAT tekstbureau achter hûs.

Ynpakke fan De Traveliers, it harkboek fan it earste diel fan de searje, It goud fan de Aboriginals.
16 maaie

Moaie presintaasje fan boek en harkboek en kaart yn de greiden by Duveldrek tusken Achlum en Hitsum.
Klik op de foto foar mear ôfbyldings.

De boargemaster rûkt oan it boek. Sit der ek in dreklucht oan???
8 maaie

Audiofrysk makket harkboekferzje fan ferhaletocht

Twa jier lyn is de Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel begûn mei it sykjen nei folksferhalen út alle doarpen fan Frjentsjerteradiel en dy hawwe se fûn! Op 16 maaie komt it boek: Fan Duveldrek nei Hoarnestreek út. In boek mei 30 ferhalen, foto’s, in hiel protte anekdoates, in rûte troch alle 16 doarpen, plattegrûnen fan de gemeente en de doarpen, in rûte yn elk doarp en histoaryske feiten.
De skriuwers Jetske Bilker, Neeltje Bonnema en Mindert Wynstra ha de ferhalen sels ynlêzen en sa komt der ek in harkboek fan 4 cd's út. It is nei de oanbieding foar € 15 te keap.

Ferhaletocht Frjentsjerteradiel
3 april Twa nije harkboeken yn it fûns fan Audiofrysk
Yn 2002 ferskynde by De Arbeiderspers it proazadebút fan Harmen Wind: Het verzet. De skriuwer hat it boek dêrnei sels oersetten, eins op 'en nij skreaun yn it Frysk. En no hat er de hiele roman ynlêzen en kin it as harkboek kocht wurde (10 cd's, € 24, online aanst € 19).
Akky van der Veer hat har histoaryske novelle Kuneara foarlêzen foar de mikrofoan. Sa rint it tal nije harkboeken al moai nei de tweintich ta. (De doelstelling fan Audiofrysk foar it earste projektjier, dat rint fan 1 sept. 2008 - 1 sept. 2009.)
It Ferset, autobiografyske roman fan Harmen WindKuneara fan Akky vd Veer
1 april Jorwert fan start
Op woansdeitejûn 1 april setten de repetysjes foar Tuskentiid - Je moatte der yn leauwe út ein. Op de folle boppeseal fan Het Wapen van Baarderadeel hold regisseur Tjerk Kooistra in ynspirearre betooch oer doelen en driuwfearen en dat it dochs benammen giet om wat jo yn De Tuskentiid dogge.
Dêrnei koe it bysûndere dekorûntwerp fan Ekko de Bakker besjoen wurde. Je witte daliks dat it stik yn desimber spilet.
Tuskentiid yn de notaristún
Alder nijs 2007 2007/8 2008/9